Drokke krokusfakânsje yn musea

26 feb 2014 - 18:21

De aksje 'Help pake en beppe de fakânsje troch' fan de Fryske musea liket ek dit jier wer goed oan te slaan. It Frysk skipfeartmuseum yn Snits luts tiisdei en woansdei al in lytse tûzen besikers. Yn it museum stiet dizze wike it tema piraten sintraal mei pirateferhalen, piratemuzyk en in speurtocht. Besikers koene ek as piraat schminkt wurde en in pirateswurd meitsje. Ek yn it Snitser spoarweimodelmuseum wie it drok.

Bern kinne dizze wike fergees nei it museum as se in beteljende folwoeksene meinimme.

De aksje wurdt dit jier foar de trettjinde kear hâlden en is foar de musea net mear fuort te tinken. It smyt de musea tûzenen ekstra besikers op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)