'Mingd gefoel oer rapport'

26 feb 2014 - 17:09

De famylje Lemmens út Makkingea hat mingde gefoelens oer de konklúzjes fan de ûndersyksried foar de feiligens oer it ûngelok mei de dongsilo op har hiem. Dat wie 19 juny ferline jier. Earder al pleiten se foar oanpassings fan regels en it ôfskaffen fan in dak op silo's. Har soan Mark, dy't it bedriuw op termyn oernimme soe, wie ien fan de trije deadlike slachtoffers. Hy skeat yn in ympuls de skjinmakkers yn need te help, syn aksje einige fataal.

It rapport is konfrontearjend. Der is in soad misgien en mei goede feilichheidsmaatregels wie it miskien net sa bot út de hân rûn. Mei de útkomsten krije se har soan Mark net werom. De famylje fynt it wol belangryk dat der lessen leard wurde út it drama. Yn de silo yn Makkingea wie saneamd spuiwetter brûkt om as keunstdong by te mingen. Formeel ferbean, mar by in soad boeren yn de praktyk gebrûklik. Boppedat kinne de ûndersikers net oantoane oft dat fan grutte ynfloed west hat op de foarming fan giftige gassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)