'Regels dongsilo moatte oars'

26 feb 2014 - 16:23

It Nederlânske Melkfeehâldersfakbûn bliuwt hammerjen op it oanpassen fan de regels fan dongsilo's nei oanlieding fan it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea ferline jier juny. De ûndersyksried foar de feiligens skriuwt yn in rapport nei oanlieding fan dat ûngelok dat der benammen mear bewustwurding komme moat oer de gefaarlik stoffen yn dong. Mar neffens de NMV moat der mear barre om sokke ûngelokken yn de takomst foar te kommen. Neffens de NMV moat de polityk better sjen nei de gefolgen de strange dongregels yn de praktyk.

Dochs ûnderskriuwt it fakbûn it belang fan bettere ynformaasje oer de stoffen. Benammen it gefaar fan it mingen fan spuiwetter út de filters fan bargestâlen mei gewoane dong is net goed genôch bekend, seit Harm Wiegersma fan de NMV.

Frysk foarsitter Geert Kooistra fan LTO Noord hat de earste konklúzjes út it rapport yntusken ek lêzen. Hy tinkt net dat it sa maklik wurde sil om de miljeuregels foar de dongsilo's oan te passen. Hy is it iens mei de ûndersyksried, dat boeren - nóch mear as no - om de gefaren fan dong tinke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)