Socht duo oanhâlden yn Dútslân

It duo dat al dagen op 'e rin is foar de plysje, is oanhâlden yn Dútslân. Dat meldt de plysje woansdei. Antonio Marcos van der Ploeg (25) fan De Harkema en Enise Merve Bircan (19) binne troch in Dútske plysje-ienheid oanhâlden yn in hotel yn Schwerte, en dêrnei oerbrocht nei in plysjeburo yn Münster. Earder wie dêr ek al de flechtauto fan it duo fûn. De plysje seit dat de twa oanhâlden wurde koenen foaral troch help fan it publyk. By de oanhâlding rekke net ien ferwûne. De plysje fûn in fjoerwapen.
It duo liet yn de lêste wiken in spoar fan geweld, lykas swiere mishanneling, ûntfiering en gizeling, achter yn Nederlân en Dútslân.