Trije himpkwekerijen Ljouwert

De plysje hat woansdei yn Ljouwert trije himpkwekerijen oprôle. It giet om kwekerijen oan de Essenstrjitte, Marswei en Castorwei. Mei-elkoar stiene der goed 1500 planten dy't de plysje yn beslach naam hat. De stroom fan de kwekerijen waard yllegaal ôftape. De plysje hat ien fertochte oppakt.
Yn Drachten hat de plysje oan de Steenkerk in himpkwekerij oprôle. De bewenner hie op de souder fan syn wenning in kwekerij mei sa'n 120 planten. De man is oanhâlden en meinaam nei it buro. It himpteam hat de planten en de apparatuer ferneatige.