Hans de Boer nei VNO-NCW

26 feb 2014 - 14:20

Ald-Wytmarsumer Hans de Boer wurdt sa goed as wis foarsitter fan ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW. Hy is troch it bestjoer foardroegen foar de funksje, mar der moat noch in definityf beslút oer naam wurde. De Boer soe dan de lieding oernimme fan Bernard Wientjes, dy't op 1 july ôfskie nimt.

Hans de Boer is 59 jier, hy hat ekonomy studearre yn Amsterdam en wie yn it ferline ûnder oare foarsitter fan in oare ûndernimmersorganisaasje, dy fan it midden- en lytsbedriuw. Ek is er sels ûndernimmer. Tongersdei beslút it bestjoer oer de foardracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)