Rotte fundearring hûs yn Grou

Wenningferhierder Elkien docht yn de Noarderdwersstrjitte yn Grou ûndersyk nei mooglik ferrotte fundearrings ûnder hierwenten. Dizze hûzen binne mear as hûndert jier âld. Ut ûndersyk hat al bliken dien dat yn ien fan de wenningen sprake is fan fersakkings dy't troch in rotte fundearring ûnstien is. Dy wenning is ûnbewenber ferklearre. Nei oanlieding hjirfan is tiisdei in bewennersbyienkomst hâlden. Elkien wurket by it ûndersyk gear mei de gemeente Ljouwert. Dy lit grûnûndersyk dwaan en sil de besteande riolearring ynspektearje.