Ried: 3 oarsaken silo-ûngelok
Foar it deadlik ûngelok yn de dongsilo yn Makkingea op 19 juny ferline jier binne trije oarsaken oan te wizen. As earste is ûndúdlik oft de spesjale warskôgingsapparatuer goed wurke. As twadde wurke de man dy't de silo skjinmakke net mei geskikte azembeskerming. As tredde wiene der gjin geskikte helpmiddels beskikber om it slachtoffer út de silo te heljen, doe't it misgong. Dat stiet yn it rapport fan de ûndersyksried foar feiligens dat woansdei iepenbier makke is. By dat ûngelok kamen trije minsken om it libben en ien rekke slim ferwûne.
It ûngelok yn Makkingea stiet net op himsels. Neffens de ûndersyksried binne der alle jierren op syn minst trije slimme ûngelokken mei dong en dongsilo's. De ried fynt it hiel ferûntrêstend dat der noch net earder bettere maatregels naam binne. Dat soe no gau barre moatte, sa stiet yn de oanbefellings fan it rapport. Yn it rapprt stiet dat ûnderskatting fan de gefaren by it ferwurkjen fan dong ta in soad slimme ûngelokken liedt mei in soad (deadlike) slachtoffers. Faak binne der ekstra slachtoffers om't omstanners help biede en gjin beskerming drage. Tusken 1980 en 2013 binne op syn minst 35 slimme ûngelokken foarkaam. Dêrby foelen 57 slachtoffers, wêrfan 28 deaden.
Mooglik hat it bymingen fan wetter út filters fan de bargehâlderij ek in rol spile by it ûngelok. Dat hat it ûntstean fan skealike stoffen mooglik slimmer makke. De ûndersyksried fynt dat op de opliedingen foar boeren en skjinmakkers folle mear stilstien wurde moat by de gefaren fan dong.