Fytser ferwûne yn De Westereen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In famke fan 15 is tiisdei ferwûne rekke by in oanriding yn De Westereen. Se joech op in krusing yn it doarp gjin foarrang oan in 21-jierrige automobilist út Droegeham. In botsing wie it gefolch.
It famke foel dêrtroch op 'e dyk en rekke ûnder oare ferwûne oan 'e holle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.