Rêstige winter Fûgelhelling

26 feb 2014 - 08:25

De Fûgelhelling yn Oerterp hat de ôfrûne winter sa'n 1000 bisten minder opfong as oars. Dat komt omdat echt winterwaar útbleaun is. Neist minder wetterfûgels giet it bygelyks om minder stikelbargen. Dêr wurde der gewoanwei sa'n 600 fan opfongen, no wie dat mar de helte.

Omdat der minder bisten opfongen hoegden te wurden, binne ek de kosten foar de Fûgelhelling dizze winter folle leger. Oft dat betsjut dat 2013 mei in finansjele plus ôfsletten wurde kin, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)