Hast 250 himpkwekerijen oprôle

De plysje hat ferline jier yn Fryslân 244 himpkwekerijen oprôle, dêrby waarden 166 fertochten oppakt. Dat docht bliken út sifers dy't de plysje Noard-Nederlân woansdeitemoarn nei bûten brocht hat. By 72 fan de kwekerijen wie der sprake fan it yllegaal ôftaapjen fan stroom.
Yn hiel Noard-Nederlân waarden ferline jier 675 himpkwekerijen oprôle, de plysje tinkt dêrmei foar 40 miljoen oan drugs yn beslach naam te hawwen.