Syktocht nei duo yn Grinslân

26 feb 2014 - 06:03
  • Antonio van der P. en Enise B.

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Grinslân socht nei de eardere Harkemaster en syn froulike kompanjon, dy't fertocht wurde fan in tal gewelddiedige misdriuwen. Oanlieding foar de syktocht binne tips oer it duo. De syktocht begûn yn Winschoten en is letter rjochting de stêd Grins gong. De twa binne lykwols noch net fûn.

Earder tiisdei waard ek al socht by de Dútske stêd Gronau. Dêr wie it duo moandeitejûn hinne riden, mei in gizele man.

Ek it programma Opsporing Verzocht hat tiisdeitejûn omtinken jûn oan de syktocht, dat smiet sa'n 35 tips op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)