'Minister moat nei Amelân ta'

Algemeen Belang Ameland wol mei minister Schultz prate oer de slinke tusken It Amelân en Holwert. De slinke is te ûndjip en dêrtroch rint de fearboat faak fertraging op. De partij hat de minister in brief skreaun mei in útnoeging. In nije slinke baggerje soe in oplossing wêze kinne.
ABA listlûker Piet IJnsen hat as wethâlder al yn 2005 mei har praten oer dizze problematyk, mar dat hat noch gjin fertuten dien. Hy rekkenet derop dat de minister nei it eilân ta komt.