Advys foar fisueel beheinden

25 feb 2014 - 21:30

Sikehûs MCL yn Ljouwert start mei sprekoeren foar pasjinten mei in fisuele beheining. Op dit sprekoere jouwe eksperts advys oer helpmiddels en revalidaasje. It sprekoere is in gearwurking tusken it MCL, Ergra Low Vision en Koninklijke Visio.

De petearen fine plak op de polyklinyk fan it MCL. Om nei it sprekoere ta te kinnen, is in trochferwizing fan in eachdokter of optometrist nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)