Toanhaai nei Dolfinarium ta

De seldsume flekte toanhaai, dy't snein oanspielde op Flylân, is tiisdeitejûn oerbrocht nei it dolfinarium yn Harderwyk. Neffens de haaie-eksperts fan it dolfinarium wie de haai sterk genôch om ferfierd te wurden. De haai heart eins thús foar de kust fan Afrika en de Kanaryske eilannen en wie sadwaande flink út koers doe't se yn ûnderkuolle tastân oanspielde by camping Stortemelk.
De haai koe de ôfrûne dagen wer wat opwaarmje yn it akwarium fan De Noordwester op Flylân. It doel is om de haai wer út te setten.
Dan moat it seewetter wol wer op temperatuer wêze. Oft it dêr ek echt fan komt is ôfwachtsjen. Dat hinget fan de kondysje fan de toanhaai ôf. De toanhaai krijt sondefieding, om't it bist net ite wol. De wûnen wurde mei huningsalve behannele.