'Feiligens yn Fryslân krijt 8'

It Fries Burgerpanel jout de feiligens yn Fryslân in 8. In heech sifer, mar dat wol net sizze dat der neat te ferbetterjen falt. De panelleden soene graach mear blau op strjitte sjen. Ljouwert wurdt sjoen as it meast ûnfeilige plak yn Fryslân, benammen de Weaze. De panelleden hawwe it idee dat dêr te min tafersjoch is.
Foar gemeenten is der ek noch wol wat te ferbetterjen oan de feiligens. Neffens de panelleden wurde se te min belutsen by feiligens yn 'e omjouwing. Ek binne se net tefreden oer de ynformaasje dy't se dêr oer krije.
It Fries Burgerpanel is betocht troch Partoer en dit wie it earste ûndersyk. Rom tûzen minsken út Fryslân diene der oan mei. Sy ha harren oanmeld foar it panel. 90% fan it panel die mei oan dit ûndersyk.
It ûndersyk wurdt dield mei gemeenten, amtners en beliedsmakkers. It folgjende ûndersyk fan it Fries Burgerpanel giet oer it Fryske lânskip.