Belangstelling foar nije N31

25 feb 2014 - 18:48

Hûnderten Harnzers kamen tiisdei manmachtich nei Trebol foar in ynformaasjegearkomste oer de nije N31. Provinsje, gemeente en rykswettersteat lieten mei kaarten en foto's sjen wat der allegear bart by de oanlis fan de dûbelbaans dyk en it akwadukt, mar ek mei it gebiet dêr om hinne.

De measte reaksjes wiene posityf om't men bliid is dat der einlik in oplossing komt foar dizze flessehals. Kritysk wiene guon Harnzers oer de sloop fan trije gebouwen en de beammekap, mar neffens de gemeente koe dat echt net oars. De kap wurdt kompenseard.

De skeppe foar de oanlis fan de nije N31 giet neffens planning noch dit jier de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)