'Duo net fûn yn Gronau'

De 25-jierrige Antonio Marcos van der Ploeg fan De Harkema en de 19-jierige Enis Merve Bircan binne net fûn yn it Dútske Gronau. Dat hat de lokale plysje melden. Nei in tip kaam in grutte plysjemacht yn it spier om de twa fertochten op te pakken.
It duo wurdt al in tal dagen socht foar ferskate geweldsdelikten. Se hawwe ûnder oare in ynwenster fan Meppel gizele. Ek soenen de twa nei in sjitpartij in gesin yn Enschede gizele ha, dêrnei naaiden se út nei Dútslân.