Olympyske sporters riddere

Minister Edith Schippers hie it der tiisdei yn de Ridderseal yn Den Haach mar drok mei. Yn totaal rikte se út namme fan Kening Willem-Alexander acht lintsjes út oan Nederlânske sporters dy't goud wûn hawwe yn Sotsji mei de Olympyske Spelen. By de froulju waarden Jorien ter Mors, Marrit Leenstra en Lotte van Beek ridder yn 'e Oarder fan Oranje Nassau. Deselde ûnderskieding krigen ek de manlju Jan Blokhuijsen, Koen Verweij, Michel Mulder, Jorrit Bergsma en Stefan Groothuis. Ireen Wüst en Sven Kramer, yn it ferline al riddere, krigen in byldsje.
De trainers Gerard Kemkers en Jac Orie waarden ek riddere.