Foararrest stekpartij ferlingd

In 45-jierrige Ljouwerter dy't derfan fertocht wurdt yn jannewaris yn de Curaçaostrjitte yn syn wenplak in stêdsgenoat deastutsen te hawwen moat noch sechstich dagen langer fêstsitten bliuwe.
Ferline wike waard de man nei tritich dagen foararrest troch de rjochtbank op frije fuotten steld. It Iepenbier Ministearje gie yn heger berop tsjin de frijlitting en hat dat wûn. De fertochte sit sadwaande noch sechstich dagen langer yn foararrest.