Snie-oerlêst bliuwt op galerij

25 feb 2014 - 13:05
  • Argyffoto fan snie op de galerij

Ferhierder Woonzorg wol net betelje foar tichte galerijen yn âldereintehûs Nij Dockingahiem yn Dokkum. De galerijen sit glês foar, mar se binne oan de boppekant iepen. De bewenners fine dat lestich, want dêr waait wolris rein en snie trochhinne. Brankaars en de minsken mei iten fan tafeltje-dekje kinne by snie dreger by de doarren komme, miene de bewenners.

De bewenners wolle no as kompromis in galerij dy't wol ôfskerme is foar snie. Woonzorg sjocht dêr ek neat yn, omdat dat ek te djoer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)