Syktocht bringt âld sear boppe

De klopjacht troch de plysje op in âld-ynwenner fan De Harkema makket in soad los. Dat seit ien fan de slachtoffers. Jan de Boer en syn frou waarden yn 2004 oerfallen troch de man. Se hiene doe sigarewinkel Milo yn Drachten.
De plysje set grut yn op it finen fan de man. Hy wurdt sûnt in pear dagen socht, ûnder oare foar gizeling fan in ynwenster fan Meppel. De man sloech moandei opnij ta, tegearre mei in frou. Nei sjitterij gizelen se in húshâlding yn Enschede en naaiden dêrnei út nei Dútslân.