Amelân krijt driuwende steiger

25 feb 2014 - 11:58
  • It Amelân mei op 'e achtergrûn de daam

De jachthaven op It Amelân krijt in driuwende oanlissteiger. Boatsjefarders kinne dan feiliger oanlizze. De gemeenteried fan it eilân hat moandei besluten in ton foar de steiger út te lûken.

De driuwende oanlissteiger is de earste yn in rige fan plannen foar de jachthaven. Dy moat in feiligere en modernere útstrieling krije. De kosten fan de folsleine opknapbeurt wurde rûsd op fjouwer miljoen euro. Dat jild moat net allinnich fan de gemeente komme, mar ek fan oare oerheden en it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)