Autodief pakt yn Damwâld

25 feb 2014 - 10:07
  • Plysje

De plysje hat moandeitemiddei yn Damwâld in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden, omdat dy yn in stellen auto ried. Doe't de man de plysje yn de gaten krige, trape er op it gaspedaal. Hy negearre stoptekens fan de plysje.

Uteinlik sette er de auto op in parkearplak oan de Roggeblom yn Damwâld. Dêr fertelde er dat er de auto in tal wiken lyn stellen hie. Ek die bliken dat de man gjin rydbewiis hie. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)