Kritysk op tsjinstferliening

24 feb 2014 - 21:11
  • Gemeente Littenseradiel
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel sille tegearre ûndersykje wat minsken mei in bystânsútkearing fine fan de tsjinstferliening troch de gemeente. Fia de WWB, de Wet Wurk en Bystân, behannelje gemeenten de oanfragen foar in útkearing en soargje se foar de útbetelling dêrfan.

Beide gemeenten wolle graach witte wat goed giet en wat mooglik better kin. Dizze moanne krije sa'n 1000 minsken mei in útkearing in fragelist fia de post. De útkomsten fan it ûndersyk wurde dizze simmer ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)