Gelyk spul beloften SC H'fean

24 feb 2014 - 21:03
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandei mei 1-1 gelykspile tsjin de beloften fan NEC/FC Oss. Yn de earste helte wie Hearrenfean de boppelizzende partij en dat resultearre yn in goal fan Michael Chakon yn de 27e minút. De Feansters hiene de foarsprong útbouwe kinnen, mar de spitsen hiene it fizier net op skerp stean.

Yn de twadde helte wie NEC/FC Oss de bettere ploech en sy kamen yn de 79e minút troch in strafskop op gelikense hichte. Bêste man oan Hearrenfean-kant wie keeper Brian Vandenbussche.

Hy soarge der mei in pear moaie rêdings foar dat der in punt yn Hearrenfean bleau. De beloften steane op it fjirde plak yn de kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)