Boargerinisjatyf nije namme

24 feb 2014 - 20:33
  • De Fryske Marren

De aksjegroep "Stop De Friese Meren met geld verkwisten' hat in boargerinisjatyf yntsjinne by de gemeente De Fryske Marren. Sa sette se de diskusje oer de namme wer op de riedsaginda. De opposysjepartijen advisearren de aksjegroep om sa'n inisjatyf yn te tsjinjen, omdat oars de mearderheid kieze sil foar de Fryske namme fan de nije gemeente.

It ferysk is mei mear as 170 hantekenings yntsjinne.Yn it boargerinisjatyf wurdt frege om in referindum te hâlden oer de namme fan de nije gemeente. De útslach fan sa'n referindum is binend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)