Ferlet fan fytsdosinten

De fytsskoalle fan it Fytsersbûn siket betûfte fytsers dy't fytsdosint wurde wolle. Kandidaten krije in oplieding fan twa dagen. Doel fan de lessen is om dielnimmers better fytsen te learen, mar ek om ferkearsynsicht, fertrouwen en wille yn it fytsen te krijen of te hâlden. Minsken dy't les krije kinne, binne skoalbern, âlderen, bûtenlânske studinten en nije ynwenners fan ús lân.
Minsken dy't belangstelling hawwe foar de funksje fan fytsdosint kinne mear ynformaasje fine op de webside fan it fytsersbûn. Dat is www.fietsersbond.nl.