Opbou Huis&Tuin yn folle gong

24 feb 2014 - 18:24

Yn WTC Expo yn Ljouwert is dizze dagen de opbou fan de beurs Huis & Tuin yn folle gong. De beurs giet tongersdei iepen, mar omdat oan de beurs ek in wedstriid ferbûn is foar de moaiste tún binne guon standhâlders al dagen dwaande mei it oanlizzen fan de moaiste tematún. Dit jier dogge sân hoveniersbedriuwen oan de wedstriid mei, en sy nimme dy wedstriid bysûnder serieus.

De organisaasje fan de beurs hopet dit jier op sa'n 30.000 besikers. Standhâlders hoopje dat de betide maaitiid minsken ferliedt om op de beurs túnideeën op te dwaan.

Njonken tinnen binne op de beurs ek in soad túnhúskes, hutten en carports te besjen en fierder ek meubels om saken om je hûs mei oan te klaaien.

Trefwurden: 
WTC Expo Huis & Tuin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)