Gefaar foar bargepest

De bargeboeren moatte maatregels nimme om besmetting fan de Afrikaanske bargepest foar te kommen. De sykte is útbrutsen yn Ruslân en hat him yn koarte tiid al ferpleatst nei Poalen. It firus wurdt op dit stuit noch troch wylde bargen oerdroegen, mar kin ek meinommen wurde troch feeweinen en minsken út de troffen gebieten.
Lânbou-organisaasje LTO ropt de oerheden en boeren op maatregels te nimmen om besmetting foar te kommen. Sa moatte alle frachtweinen út Poalen ûntsmet wurde.
De lêste útbraak fan bargepest wie yn 1997 en doe binne tal fan bedriuwen romme.