Grutte brân yn Sonnegea

24 feb 2014 - 15:39

By in grutte útslaande brân is moandei in frijsteande wenning oan de Sonnegeawei yn Sonnegea ferlern gien. Om in oere of trije seagen buorlju fjoer troch it tek kommen. Sy hawwe de bewenners warskôge dy't noch wat guod rêde koene, mar al gau wie it net mear fertroud om yn it hûs te wêzen.

De korpsen fan Wolvegea en Scherpenzeel en de heechwurker fan It Hearrenfean hawwe de brân bestriden, mar koene net foarkomme dat it hús ferlern gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)