Undersyk nei brân Aldegea

Fan de keet bleau net folle oer © Omrop Fryslân, Dirk Baron
De plysje docht ûndersyk nei in jonge dy't seit belutsen te wêzen by brânstifting yn Aldegea Smellingerlân. De jonge melde him ferline wike op it plysjeburo, mar is foarearst net oanhâlden.
Begjin dit jier wienen der ferskate brannen yn en bûten Aldegea, by in basisskoalle, in bygebou fan in wenning, en in jongereinkeet. De plysje wol net befestigje dat it om in jonge fan 15 út Aldegea giet.