Miedema sportfrou fan it jier
Fuotbalster en topskoarster Vivianne Miedema fan SC Hearrenfean is keazen ta sportfrou fan it jier fan de provinsje Drinte. De 17-jierrige Miedema is berne yn Hoogeveen. Sy spilet sûnt 2011 foar Hearrenfean.
Mei 32 doelpunten stiet se fier boppe-oan yn de topskoarderslist fan de BeNe League, de earedivyzje foar froulju.