Rûzje om hûn yn auto

24 feb 2014 - 14:04

In 34-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei troch de plysje oanhâlden foar mishanneling fan in 42-jierrige stedsgenoat. It slachtoffer seach by in supermerk oan de Tynjedyk in hûn yn in parkearde auto sitten. Hy spruts de 34-jierrige eigener dêrop oan.

Beide manlju krigen spul, wêrby't it slachtoffer klappen krige. Hy rekke ferwûne en moast foar ûndersyk nei it sikehûs brocht wurde. De 34-jierrige dieder koe oanhâlden wurde en is fêstset op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)