Mooglik aksjes yn transport

24 feb 2014 - 13:58

Frachtweinsjauffeurs komme mooglik mei aksjes no't ûnderhannelings oer in nije cao op 'e non rûn binne. Sûnt desimber ferline jier waard ûnderhannele oer ferheging fan it lean. Ofrûne wike kaam it berjocht dat de transportûndernimmings op nul prosint sitten bliuwe. Fakbûn CNV nimt it beslút 'respektleas'. De fakbûnen wolle dat it lean fan sjauffeurs mei trije prosint omheechgiet.

Op 15 maart sil it fakbûn mei de leden om tafel om te oerlizzen wat de ferfolchstappen binne en oft der protestaksjes komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)