Nij plak Voedselbank Burgum

Fiedselbank ferskaft iten oan earmere minsken
De ferhuzing fan de Voedselbank fan Tytsjerksteradiel fan takom woansdei is ferskood nei no sneon. Dat seit foarsitter Klaas Reitsma fan it útdielpunt fan iten foar earmere minsken.
De Voedselbank oan de Oppedijk van Veenweg yn Burgum krijt sneon ûnderdak oan de Hannelswei yn itselde doarp. De bank fan Tytsjerksteradiel bestiet sûnt 2012 en wie nedich ta oan in gruttere romte. Twa jier lyn foarseach de bank noch alve húshâldings út de gemeente fan iten, no binne dat sawat 65.
It útstel fan de ferhuzing hat fierders gjin gefolgen foar it útdielen fan iten en guod.