Legeroefening hast dien

24 feb 2014 - 12:53

De grutte militêre oefening Dutch Bison rint nei de ein. De training begûn in wike lyn en duorret noch oant en mei tiisdei. De militêren moatte grutte opdrachten útfiere op ferskate plakken yn Fryslân.

Goed fyftich militêren moasten moandei yn it âld skoalgebou yn Burchwert de fijân oermasterje. Yn Aldeboarn trainden se op it terrein fan de Gasunie. Dêr moasten rebellen oanhâlden wurde. Fierders gie de eksplosive-oprommingstsjinst mei spesjale hûnen op syk nei bommen. Yn Aldeholtpea omsingelen de soldaten it Vitensterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)