Dyk Marsum-Berltsum wer iepen

De N383 tusken Marsum en Berltsum is wer iepen. Moandeitemoarn betiid waard de dyk sletten foar ferkear om't by Bitgum in kantele frachtwein it ferkear blokkearre. Ien baan wie stremd.
Yn de rin fan de moarn is de frachtwein wer op tsjillen set en fuorthelle. De frachtweinsjauffeur waard mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it mei him giet, is ûnbekend. De plysje docht noch ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.