Fûgelwacht yn 'e problemen

24 feb 2014 - 07:07
  • Ronnie Kuipers fan de fûgelwacht Doniawerstal

De Fûgelwacht Doniawerstal sit yn 'e problemen. Wannear't der net gau nije bestjoersleden fûn wurde, moat de hiele ôfdieling mooglik ferdwine. Der binne al sûnt langere tiid gjin foarsitter en ponghâlder mear, en de oare bestjoersleden stappe ek op.

Fûgelwacht Doniawerstal hat in frij grut gebiet en goed 450 leden. Net ien fan de leden wol aktyf wurde yn it bestjoer. Ferskate needoproppen hawwe ek neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)