Frachtwein blokkearret N383

24 feb 2014 - 06:38

De N383 fan Marsum nei Berltsum is ticht nei in ûngelok by Bitgum, wêrby't in frachtwein omkypt is. Dat barde moandeitemoarn krekt nei seis oere. De frachtwein blokkearret de dyk, wêrtroch't ferkear der net del kin. De oare kant fan de dyk is wol iepen.

De sjauffeur is mei lichte ferwûnings nei it sikehûs brocht foar behanneling. It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. De frachtwein sil wer rjochtop set wurde en hy kin dêrnei burgen wurde. Wannear't de dyk wer iepen is, is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)