Slachtoffers bestjoerden auto

23 feb 2014 - 20:08

By it ûngelok sneintemiddei op de N359 by De Lemmer binne in 19-jierrich famke út dat plak en in 69-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren om it libben kaam. It giet om de bestjoerders fan twa auto's dy't frontaal mei-elkoar yn botsing kamen. Troch de klap bedarre ien fan de auto's op 'e kop yn in sleat. Beide slachtoffers ferstoaren op it plak fan it ûngelok. In jonge dy't by it famke yn 'e auto siet en de frou fan de omkommen man binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. Fanwege dat ûndersyk wurdt de bestjoerder fan in silverkleurige Folkswein Golf frege kontakt op te nimmen mei de plysje. De bestjoerder hat mooglik wichtige ynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)