Olympyske huldiging yn Assen

Assen is benei klear mei de tariedings foar de huldiging fan de Olympyske sporters dy't moandei weromkomme út Sotsji. De sporters lânje op fleanfjild Eelde en komme om 17.00 oere hinne oan yn Assen.
Oan Op de Vaart, oan de râne fan it stedssintrum, is in grut poadium boud. Dêromhinne is romte foar sa'n 7000 minsken. Mocht der mear belangstelling wêze, dan is der in pear hûndert meter fierderop noch in alternative lokaasje dêr't alles op grutte byldskermen te folgjen is. Ek dêr is plak foar inkele tûzenen minsken.
De gemeente ropt feestgongers op om foaral mei it iepenbier ferfier nei Assen te kommen. It poadium leit op rinôfstân fan it treinstasjon.
Nederlân einige yn it medaljeklassemint op it fyfde plak. Yn totaal pakte Oranje acht kear goud, sân kear sulver en njoggen kear brûns. It is net it heechste plak dat ús lân berikte op de Olympyske Spelen. Yn 1972 waard Oranje fjirde yn it Japanske Sapporo.