Soer ferlies Snits Wyt Swart

In soer ferlies snein foar Snits Wyt Swart Boso dat mei 2-1 ûnderút gong tsjin Quick '20. Op it Snitser sportpark kamen de gasten út Oldenzaal yn de 19e minút op 1-0 foarsprong. Nickel Nzoko soarge krekt foar rêst mei in kanonskûgel foar de Snitser lykmakker.
Yn de twadde helte krige Age Hains Boersma de opleine kâns op de 2-1, mar hy miste. Yn de 70e minút hie Quick '20 it fizier wol op skerp en pakte op 'e nij de foarsprong. Yn blessueretiid waard de lykmakker fan de Snitsers ôfkard fanwege bûtenspul, wêrtroch't it ferlies in feit wie.
De ploech fan Johan Groote bliuwt troch it ferlies stykjen op 30 punten út 18 wedstriden.