De Vries de rapste yn Thialf

© awfoto.nl
Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, hat sneontejûn op it iis fan Thialf de fyftjinde KPN Maraton Cup op har namme skreaun. Yn de lêste faze fan de wedstriid wist De Vries mei Daniëlle Lissenberg-Bekkering en Yvonne Spigt in foarsprong te nimmen op it peleton.
Yn de einsprint wie de âld-Haulster krekt wat rapper as har meiflechtsters. It twadde plak gong nei Lissenberg-Bekkering, Spigt waard tredde.