Wichtige punten Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneontejûn goede saken dien yn de jacht op koprinner ACV troch mei 2-1 te winnen fan Flevo Boys. Yn Emmeloord kaam de thúsploech nei in goed healoere spyljen op foarsprong. Yn de twadde helte kopte Klaas Schotanus de Harkiten op likense hichte.
Lang liken beide ploegen op yn lykspul ôf te gean, mar tsien minuten foar de ein bekroande Gersinio Constansia syn rentree mei de winnende treffer.
Troch de winst komt Harkemase Boys op 37 punten út 18 wedstriden. ACV giet noch altyd oan de lieding mei 40 punten.