Jonge (15) Wolvegea oanholden

23 feb 2014 - 11:38
  • Geweld

In 15-jierrige jonge út Wolvegea is sneontejûn troch de plysje oanholden op fertinking fan fernieling, bedriging en it brûken fan geweld. De plysje krige earder dy jûn al meldings binnen fan fernielings fan spegels fan parkearre auto's en fan in bûtenlampe fan in wente.

Doe't aginten op ûndersyk útgongen, troffen se op it parkearterrein by de Tjerk Hiddestrjitte in groep jongeren oan dy't spul hie. De fertochte lei ferwûne op de grûn en bliek net oansprekber.

Ut ferklearings fan tsjûgen die bliken dat de jonge him misdroegen hie yn in in útgeansgelegenheid oan de Tjerk Hiddestrjitte. Hy soe in rút fernield hawwe en wie agressyf nei it personiel ta. Bûten krige hy leien mei oare jongeren, wêrnei't er in klap krige.

De fertochte is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs en sil letter noch troch de plysje heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)