Bern beboete foar fytsgedrach

23 feb 2014 - 10:52
  • Fytspaad

Yn de buert fan Bûtenpost kontrolearret de plysje de lêste tiid ekstra strang op fytsende skoalbern. Der binne by de plysje klachten binnenkaam oer bern dy't gefaarlik fytse.

Der soe faak mei trije of fjouwer persoanen neist elkoar fytst wurde. Fierder soene skoalbern gauris stikkene ferljochting hawwe en smoargens efterlitte yn de berm. Al in tal kearen hat de plysje bekeurings útdield, mar de kontrôles gean ek de kommende tiid noch troch, sa seit de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)