Gjin goals by Hearrenfean-NAC

Sportklup Hearrenfean en NAC Breda koene sneontejûn de goal net fine. Dêrom bleau it yn in net heechsteand duel 0-0. De thúsploech hie oer gelok net te kleien dat NAC yn it earste kertier net skoarde. Hearrenfean, mei in folslein nij middenfjild, kaam wol wat better yn de wedstriid, mar in protte grutte kânsen smiet dat net op.
Troch in stroomsteuring begûn it skoft trije minuten earder. Yn de twadde helte loerde NAC op in útfal en wie Hearrenfean net koelbloedich genôch.