Kramer: 'Spanning wie heech'

22 feb 2014 - 18:33

Sven Kramer koe syn gelok net op nei it Olympysk goud op de ploege-achterfolging. 'It is twa kear net goed gong op dit ûnderdiel by de Winterspelen yn Turijn en Vancouver. Dêrom siet der no wol hiel folle spanning op', liet er witte.

'Yn de wrâldbekerwedstriden gong it elke kear ûnwiis goed, mar hjir yn Sotsji moasten wy it no echt sjen litte. En dat is net altyd maklik, wit ik út eigen ûnderfining.' Dêrmei ferwiisde Kramer nei syn twadde plak op de 10 kilometer.

De ploege-achterfolging by de manlju waard tekene troch de ôfsizzing fan Jorrit Bergsma earder op de moarn. Fan in skeel tusken Bergsma en de oare manlju is lykwols gjin sprake, liet Kramer witte. 'It is in spitige situaasje', fûn er. 'Mar ik wol mei klam sizze dat wy hielendal neat tsjin Jorrit hawwe. It is in kar fan de bûnscoach west. Jorrit hat der doe foar keazen te betankjen. Dat is syn beslút west.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)