Leenstra: 'Sa bliid mei goud'

Marrit Leenstra is út de skroeven mei it goud op de ploege-achterfolging. De Wikelse mocht yn de heale finale en de finale it plak ynnimme fan Lotte van Beek en ried mei Ireen Wüst en Jorien ter Mors oant twa kear ta in nij Olympysk rekôr.
'It gong elke race sa goed en maklik, dat makket it ekstra moai', liet Leenstra nei ôfrin witte. De reserve wie benammen ferromme dat se dochs noch meidwaan mocht. 'Yn it begjin tocht ik dat ik hielendal net starte soe. Ik bin sa bliid dat de froulju en de bûnscoach fertrouwen yn my hawwe.'